Debuutroman Tussenkind
ISBN nummer: 978-90-8954-207-6
Aantal pagina’s 191
Prijs: € 16,00
Levertijd: 2 werkdagen bij Uitgeverij Elikser

In 2010 heb ik mijn debuut gepresenteerd, via uitgeverij Elikser in Leeuwarden. Daarin beschrijf ik hoe het was om kind te zijn in de decennia na de Tweede Wereldoorlog. Het verhaal speelt zich af in Zuidwest Friesland en beschrijft de periode vanaf mijn zevende tot ongeveer mijn dertiende levensjaar.

Ze is de jongste van vier zussen en na haar komen nog  twee broertjes. Te midden van de anderen probeert ze zichzelf samen te stellen uit de chaos om haar heen. De mensen zijn vaak verwarrend voor haar. Haar moeder is regelmatig ziek en dan weet ze niet wat ze heeft. En er is iets met de meester, maar daar mag je niet over praten. Ze woont aan de kant van de Rijksweg waar geen vriendinnen mogen komen omdat dat te gevaarlijk is. Ze doet haar best om net te zijn als de anderen, maar dat lukt vaak niet. Diep onder de dekens kan ze de wereld klein maken. En langzaam zoekt ze haar weg, naar een wereld die ze kan begrijpen.

Recensie Oars as de oaren

Yn it Hollânsktalige “Tussenkind” beskriuwt Detsje Holtrop hoe’t sy as fjirde famke yn in gesin fan fjouwer famkes en twa jongere broerkes har legere skoalletiid belibbe hat. Yn it boek hat de ik-figuer gjin namme, en dat liket dermei gear te hingjen dat it bern gjin aan hat fan wa’t se is. Se krijt net de oandacht dy’t in bern noadich hat. Troch de reaksjes dy’t de âldelju harren bern jouwe as it goed is, wit in bern ornaris wat der fan him ferwachte wurdt. By de haadfiguer yn it boek krijt foaral thús hast gjin reaksjes op har bestean. De heit is der net, de mem hat oan seis bern fiersten tefolle. Se is faak siik en kin har oandacht net ferdiele oer de oaren èn de ik: it bern is tefolle en moat har mar rêde. As se mar even tiid hat, sit de mem te dichtsjen, en ek dat liket de kleau tusken it bern en de mem te fergrutsjen. De âlden bloeie op yn de fakânsjes op Skylge, mar hawwe dan genôch oan harsels, en wer gjin tiid foar de bern. De ik-figuer yn Tussenkind moat hielendal sels útfine wat se docht. Der wurdt neat tsjin har sein as se út skoalle wei thúskomt, der wurdt neat frege en se mei sels witte wannear’t se op bêd giet – of net. Troch it liiflik en/of geastlik net oanwêzich wêzen fan de âlden rekket it bern yn ’e tizen. Hoe moat se wêze as se leafde wol? Omdat se hast gjin reaksjes krijt fan har omjouwing, tinkt de ik dat se sa min mooglik opfalle moat. Se seit sa min mooglik, en besiket har mem te finen, wat in inkelde kear slagget, bygelyks as de mem sit te naaien. Op skoalle wurdt it in drege put foar it famke as se twa kear yn de klasse sit by master Van Straalen. Yn de twadde klasse mishannelet er it bern, dy’t der thús net oer prate doart. Se fielt oan dat se it dan wol hielendal ferjitte kin. Troch master te priizgjen as de leafste master dy’t der is, rêdt se har libben. Salang as se lykwols by de man yn de klasse sitte moat, is se thús agressyf tsjin de oaren. It iennichste dat se moai fynt binne de Bibelske ferhalen dy’t master fertelt. De ik makket dêr bylden by en fermingt har deistige omjouwing mei de ferhalen en jout sa har libben kleur. It byldzjend fermogen ferlit har lykwols mei it âlder wurden. As se in suske fertelt dat se de bylden kwyt is, seit dy har dat se dêr bliid om wêze moat, want it soe net normaal wêze. Dat is tekenend foar de wize dêr’t in soad minsken reagearje op ien dy’t byldzjend tinke kin: omdat sy it sels net dogge is it abnormaal. Oan ’e ein fan it boek ferlit it famke de legere skoalle. Se sjocht de skoalle as in finzenis dy’t har sjen lit hoe’t se wêze moat: krekt as har mem, dy’t it ek net koe, wêze as elkenien. Mar de lêzer hopet mar ien ding: dat it famke fan doe in frou wurden is dy’t mear as de dichtsjende mem de krêft fûn hat om de kreative minske ta libben te bringen dy’t der yn har beskûle sit. Tussenkind lit sjen dat Detsje Holtrop har foar har kreativiteit net hoecht te skamjen.

Recensie geschreven door: Klaske Hiemstra.